Drachtster Boys wint yn Nieuw Roden en giet nei bekerfinale

28 feb 2020 - 22:28

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha har pleatst foar de bekerfinale. Freed wie de ploech mei 1-0 te sterk foar KTP Nieuw Roden. Jessie Prijs makke yn de earste helte de iennige goal fan de wedstriid. De finale is op 10 april yn Rotterdam tsjin Feyenoord.

Drachtster Boys fiert de oerwinning - Foto: twitter @DFTda1

Drachtster Boys is koprinner yn de earedifyzje sealfuotbal en Nieuw Roden de nûmer njoggen, mar dochs koe de thúsploech aardich meikomme. Se krigen sels de earste kâns, mar de bal gong oer. Dêrnei iepene Jessie Prijs de skoare foar de Drachtsters. Nieuw Roden-spylster Grytsje van den Berg wurke in bal tsjin de eigen peal. Prijs koe de bal dêrnei ienfâldich binnen sjitte.

Benammen Mariëlle Miedema waard in pear kear gefaarlik, mar Drachtster Boys oerlibbe kear op kear, mei troch goed wurk fan doelfrou Anna Reitsma. De ploech fan Symen Abe Hoekstra nimt it yn de bekerfinale op tsjin Feyenoord. Dy wûn mei 3-2 fan ZVV Den Haag.

(advertinsje)
(advertinsje)