Cambuur fersmyt twa kear foarsprong, mar wint wol

28 feb 2020 - 21:51

Sportklup Cambuur hat freed Jong PSV mei 4-2 ferslein. De Ljouwerters fersmieten yn eigen hûs twa kear in foarsprong, mar stelden de oerwinning yn de slotfaze dochs feilich. Jamie Jacobs makke by syn rentree direkt in goal. Robert Mühren skoarde ek twa kear en Michael Breij ien kear. Cambuur rint twa punten út op konkurrint Volendam, dat lyk spile.

Robert Mühren fiert de 1-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

Mei Robin Maulun werom yn de basis, like de thúsklup al nei in pear minuten op foarsprong te kommen. Mühren fûn it net nei in skerpe djiptepass fan Ragnar Oratmangoen. De spits rûne kreas ôf, mar stie krekt bûtenspul op it momint dat Oratmangoen de pass ferstjoerde. Net folle letter wie it dochs 1-0 en wer wie it Mühren. Op oanjaan fan Mees Hoedemakers wipte Mühren de bal fraai oer Yanick van Osch.

Calvin Mac-Intosch, Oratmangoen en Korte hiene allegear kânsen om de foarsprong grutter te meitsjen, mar dat barde net. In pear minuten foar it skoft foel de lykmakker. In pear flaterkes by de Ljouwerters efteryn, Yorbe Vertessen brocht Chukwunonso Madueke yn posysje, dy't de 1-1 binnen skeat.

Robert Mühren makket de 1-0 - Foto: www.orange-pictures.nl

Wer foarsprong kwyt

Nei it skoft wie de earste grutte kâns foar de besikers, mar doelman Sonny Stevens koe in efterstân foar Cambuur foarkomme. Koart dêrnei sette Michael Breij de Ljouwerters op 2-1. Hy ûntsnapte oan de Jong PSV-definsje nei in pass fan Robin Maulun.

Mar opnij kaam de ploech út Eindhoven op gelikense hichte. Cambuur-oanfierder Erik Schouten siet mis en Vertessen koe derfan profitearje.

De Ljouwerters setten lykwols direkt wer oan en wiene in pear kear hiel ticht by in nije foarsprong. In poging fan Breij waard fan de line helle en dêrnei rekken Mühren én Oratmangoen de latte.

Kurieuze goal Jacobs

Henk de Jong hie Jamie Jacobs oan it begjin fan de twadde helte ynbrocht foar Giovanni Korte. De middenfjilder, dy't faak skoarde, wie in skoftke blessearre. Mar by syn rentree skoarde er wer direkt. Dat die er op kurieuze wize: doelman Van Osch siet folslein mis by in foarset fan Oratmangoen. De bal foel foar de fuotten fan Jacobs, dy't de bal ferkeard like te reitsjen. Mar mei in grutte bôge foel er krekt yn 'e hoeke: 3-2.

It duorre even foardat Cambuur de wedstriid definityf yn it slot smiet. Dêr hie de ploech fan Henk de Jong wol de kânsen foar. Yn ien oanfal rekke Cambuur de latte, rekke Mühren de bal net goed en gong in skot fan Maulun fia wat oare spilers njonken. In minút letter krigen de Ljouwerters in strafskop. Skiedsrjochter Luca Cantineau wiisde nei de stip, nei in oertrêding op Breij. Mühren skeat de strafskop hurd yn de boppehoeke, syn 24e fan it seizoen.

Oer tsien dagen tsjin Jong AZ

Mei noch tsien wedstriden te spyljen stiet Cambuur fjouwer punten foar op De Graafschap, njoggen op Jong Ajax en alve op FC Volendam. Takom wike is Cambuur frij op freed. De Ljouwerters moatte op moandei 9 maart op besite by Jong AZ.

SC Cambuur - Jong PSV 4-2 (1-1) 6. Robert Mühren 1-0, 38. Chukwunonso Madueke 1-1, 49. Michael Breij 2-1, 58. Yorbe Vertessen 2-2, 72. Jamie Jacobs 3-2, 86. Robert Mühren 4-2 (strafskop)

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten (67/Van der Kaap), Sambissa; Breij, Hoedemakers, Maulun; Korte (46/Jacobs), Mühren, Oratmangoen (85/Bangura)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(advertinsje)
(advertinsje)