Run op desynfeksjemiddels: gjin hângel mear te finen

Der is yn Fryslân in run op desynfektearjende hângel. De útbraak fan it coronafirus op twa plakken yn Nederlân hat derta laat dat minsken manmachtich desynfeksjemiddels keapje. De skappen yn winkels dêr't de gel lei is binne leech. Der hinget in briefke by dat it guod tydlik útferkocht is.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Ek mûlkapkes binne net mear te krijen. De gel of hânalkohol is neffens it RIVM in goed middel om hannen te ûntsmetten.

Alkohol as alternatyf

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Jeroen Boersma die in stekproef yn Harns, Frjentsjer en Ljouwert. Oeral is de desynfektearjende gel útferkocht. "We hebben heel veel besteld, maar er is niks binnengekomen", fertelt in ferkeaper yn Frjentsjer. "We hopen dat we volgende week donderdag weer iets krijgen, maar dat is ook nog fifty-fifty. Nu worden zelfs flesjes met normaal alcohol verkocht om de handen mee te desinfecteren, maar daar is het natuurlijk niet voor."
Yn Ljouwert is it ferhaal itselde: "We hebben niets meer, maar ik ben er vandaag misschien wel twintig keer naar gevraagd. Vorige week kocht iemand 25 mondkapjes in één keer. Die zijn nu ook uitverkocht trouwens."
© ANP

Yn de oanbieding

Yn guon winkels is hânsjippe yn de oanbieding, ek yn kombinaasje mei hângel, De sjippe is folop te krijen, de gel is al útferkocht. Minsken rinne winkels yn en hâlde stil by it skap dêr't it lizze moat. It iennige dat se sjogge is in briefke mei de tekst dat it produkt der tydlik net is. Op ynternet wurde al woekerprizen frege foar de fleskes. Sa kinne je twa fleskes fan 60 mililiter bestelle foar hast 35 euro. Gewoanwei kostje dy inkelde euro's.

Wol gel by de fiskhannel

By in fiskhannel yn Harns stiet in grutte flesse mei desynfektearjende hângel op de toanbank. De frou achter de toanbank lit witte dat se dat it hiele jier troch ha: "Dat heeft niks met het virus te maken! Dat hebben we op voorraad." Dochs kin de ferslachjouwer gjin fleske fan har oerkeapje: "Haha, dat lijkt me niet verstandig. Wij willen dat onze klanten blijven aanbieden. Even lekker schone handen na een visje."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie op syk nei desynfeksjemiddel