Danny Noppert wint earste wedstriid op earste European Tour fan 2020

28 feb 2020 - 21:22

Darter Danny Noppert hat freedtejûn syn earste wedstriid op it Belgian Darts Championship wûn. Yn de earste ronde fan it toernoai yn Hasselt wie de Jouster mei 6-2 te sterk foar thússpiler Geert De Vos.

Foto: Orange Pictures

Nei twa legs stie it 1-1 (Noppert hie wol in 110-finish), mar dêrnei naam de Jouster rap ôfstân. Yn de fjirde leg smiet Noppert in tolvedarter mei in 100-finish: 20, dûbeld 20 en nochris dûbeld 20. Op 5-1 miste Noppert in matchdart, wêrnei't De Vos werom kaam ta 5-2. In leg letter miste Noppert syn twadde matchdart, mar hy smiet de wedstriid úteinlik wol út.

Noppert smiet in trochsneed skoare fan 88,78. De Vos kaam ta 86,62 gemiddeld.

Twadde ronde

Yn de twadde ronde treft Noppert in lângenoat. Hy spilet sneontemiddei tsjin Nederlanner Jermaine Wattimena.

Der binne yn 2020 yn totaal tolve European Tours yn hiel Europa. De resultaten fan dizze toernoaien binne wichtich foar pleatsing foar it Europeesk kampioenskip, dat as ôfsluting plak fynt. Ien fan de European Tours is yn septimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)