Prestizjeuze priis foar twa fotografen út Frjentsjer

28 feb 2020 - 21:11

Tryntsje Nauta en Jeroen Adema hawwe yn 2019 de bêste Nederlânske foto makke, neffens de sjuery fan de Sony World Photography Awards. Se makken de foto 'Het natte pak van Nassau' dy't past by it ferhaal fan Johan Maurits van Nassau dy't yn 1664 yn Frjentsjer mei syn hynder troch de brêge yn de Dijkstraat sakket.

Sony World Photography Awards - Foto: Omrop Fryslân

Beide fotografen wûnen de priis yn de 'iepen kategory'. Der waarden mear as 345.000 foto's ynstjoerd yn dy kategory, en mear as 190.000 foto's namen diel oan de iepen kompetysje. Dat is it heechste tal fan ynstjoeringen oant no ta.

De twa Fryske fotografen wurken as duo oan in fotosearje dêr't elts ferhaal in eigen byld krige. As winner fan de National Award krije beide fotografen in Sony kamera en krije se de mooglikheid om harren wurk te presintearjen op de Sony World Photography Awards.

De prizen wurde tusken 17 april en 4 maaie útrikt yn Londen. De Sony World Photography Awards is de grutste fotografywedstriid op de wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)