Hoopfolle Letitia de Jong sjocht nei poadium: “It sit hiel ticht opinoar”

Letitia de Jong hat nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip sprint in poadiumplak noch net út har holle setten. De Feanwâldster stiet nei de earste 500 en 1000 meter op it sânde plak yn it klassemint, mar: "It stiet hiel ticht opinoar."
Letitia de Jong nei earste dei: "Ik sjoch altyd omheech"
Reaksje Letitia
Foarôf sei De Jong dat in plak by de earste sân it haaddoel is. Dêr stiet se no, healwei it toernoai. En dus is se goed te sprekken oer dei ien: "It wie stabyl, ik ha neat ferlern mar eins ek neat wûn. It wie in goeie dei, mar ik tink dat it moarn dochs noch wat better kin."
Letitia de Jong op de 1000 meter © www.orange-pictures.nl
Dy winst falt dan benammen te heljen op de 500 meter. Dêrop einige De Jong no alfde. "Foaral it rjochte stik nei de bocht koe better. It iis is minder rap, dus glydst minder troch. Dêrtroch wie it oansnijen fan de bocht krekt wat te lang", leit de rydster fan Team Iko út. "Mei dy gedachte gie ik de 1000 meter yn en dy ha ik goed útfierd." Op dy ôfstân waard De Jong fjirde, krekt efter Jorien ter Mors (twadde) en Jutta Leerdam (tredde).

Takagi is 'in klasse apart'

Sneon hopet De Jong nei de twadde 500 en 1000 meter sels noch op in plak op it poadium. "It gat tusken it poadium en my is trije tsienden. Ik sjoch altyd omheech. It belangrykste is dat ik by mysels bliuw en myn races goed útfier." De oerwinning sit der net mear yn troch de goeie prestaasjes fan Miho Takagi: "Se is in klasse apart."