Auto feroarsaket grutte brân yn twa wenningen Dokkumer Nije Silen

29 feb 2020 - 00:02

Oan de Sylsterwei yn Dokkumer Nije Silen hat in auto ûnder in carport freedtejûn in grutte brân feroarsake. Op syn minst twa hûzen binne dêrby yn 'e brân flein en ek in kafee hat brânskea. De brân wie flakby de brêge by Dokkumer Nije Silen.

Ferskate gebouwen om de brân hinne binne troch de helpferlieners ûntromme. De korpsen fan Bûtenpost, Anjum, Dokkum, Kollum en Grijpskerk ha dwaande west mei it ûnder kontrôle krijen fan de brân. It grutwettertransport fan Zuidhorn soarge foar de wetterwinning.

Foto: De Vries Media

De heechwurker fan brânwachtkorps Dokkum hat in skoft fêst sitten yn it gers, mar mei help fan in oare brânwachtauto is de heechwurker loslutsen. De dyk ha in skoft ticht west om de brânwacht alle romte te jaan. Hoe grut oft de totale skea is, is noch net bekend.

Twa minsken behannele

Yn de rin fan de nacht wurdt besjoen oft en hokker bewenners werom kinne nei harren hûs, Twa persoanen binne troch it ambulânsepersoniel ûndersocht en behannele, mar hoege net oerbrocht te wurden nei it sikehûs foar fierder ûndersyk, meldt de brânwacht.

Undersyk nei oarsaak

Parsefoarljochter Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht koe freedtejûn om 23.30 hinne fertelle dat de brân ûnder kontrôle wie. Hoe't de auto yn de brân flein is, is noch net bekend. Dêr moat noch ûndersyk nei dien wurde. De brânwacht fan Kollum is noch teplak om nei te blussen.

(advertinsje)
(advertinsje)