Van der Velde (CDA) yn It Polytburo: 'Sakekolleezje Smellingerlân is net demokratysk'

28 feb 2020 - 20:17

Foarse krityk fan it CDA yn Smellingerlân op de analyze dy't ferkenner Ton Baas makke hat fan de bestjoerlike problemen. Fraksjefoarsitter Karin van der Velde seit yn It Polytburo dat se neat weromken fan de sfear fan wantrouwen yn de ried, dy't Baas sketst.

Boppedat is Van der Velde it net iens mei it foarstel foar in sakekolleezje, dêr't Baas fan 'e wike mei kaam. Se neamt in kolleezje mei wethâlders dy't net oan in partij ferbûn binne 'ûndemokratysk', sjoen de ferkiezingsútslach fan twa jier lyn.

Van der Velde wol ta op in mearderheidskolleezje, en har partij, it CDA hat wol in kandidaatwethâlder, sa lit se witte. Tagelyk joech se oan te ferwachtsjen dat it yn Smellingerlân útdraaie sil op in sakekolleezje. Kommende tiisdei sil de ried debattearje oer it rapport fan Baas.

(advertinsje)
(advertinsje)