Defensiekrant siket identiteit fan Britske loftmachter út de oarloch

De Defensiekrant siket de identiteit fan in Britske loftmachter dy't midden yn de Twadde Wrâldoarloch op foto set is yn Ljouwert. It Nederlands Instituut voor Militaire Historie, NIMH, kaam koartlyn yn it besit fan de ôfbylding út 1943.
De fleaner by oankomst by it Amicitia hotel yn Ljouwert. © Nederlands Instituut voor Militaire Historie
Op dy ôfbylding is te sjen dat de Brit oerbrocht wurdt nei it Amicitiahotel yn Ljouwert. Dêr hold de Dútske Luftwaffe yn de oarloch nei alle gedachten kantoar.
De foto waard oanbean op in webside yn it bûtenlân. It is net dúdlik wêr't dy krekt weikomt, skriuwt de Defensiekrant, al hat de oarspronklike besitter sein dat de man oppikt is út see. Op de efterside fan de foto stiet dat it gean soe om in 'Engl. Jagdflieger - Holland 1943'. De foto is drukt by 'Foto De Jong' yn Ljouwert. Op de foto is njonken de loftmachtman en in tal Dútske offisieren ek it Beursgebou en Suvelbank te sjen.
De Defensiekrant is no op syk nei de identiteit fan de Brit. Sa wolle se sjen oft syn ferhaal 75 jier nei de befrijding noch te achterheljen is, as earbetoan oan de befrijers. Tips kinne nei defensiekrant@mindef.nl.