Vikingrace op Thialf giet nettsjinsteande coronafirus troch: "Alleen maar gebeld"

Guon dielnimmers sieten der even oer yn: koe de ynternasjonale Vikingrace op It Hearrenfean wol trochgean, no't it coronafirus ek yn Europa is? Mar nei't de organisaasje maatregels nommen hie, koene de wedstriden freed gewoan los. De Vikingrace is in wichtige reedrydwedstriid foar de oanstoarmjende jeugd.
De organisaasje hie it der drok mei, mar hat it oprêden:
vikingrace
"Vanaf zondagavond hebben we alleen maar aan de telefoon gezeten", seit Ida Janssen fan de organisaasje. "Maar de KNSB, de GGD en Thialf staan allemaal achter ons. We zijn zo goed mogelijk beschermd tegen het coronavirus."
Alle teams binne oanwêzich en ha in ferklearring fan goeie sûnens ûndertekene. Ek Italië. Mar foar de measte teams spilet it coronafirus eins gjin rol. "We ha it der net echt oer hân", seit Vesa Rosendahl. Hy is coach fan it Finske team. "De kâns op besmetting is sa lyts, dat we net iens oerwage ha om net te kommen."
Ek Italië is gewoan op Thialf © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
En dus kin de fokus op it riden, want dêr giet it om. Benammen it team fan Poalen falt op, dat is de ôfrûne jierren bot groeid en sterker wurden. Dochs giet it foar de dielnimmers ek om de belibbing. "Ik fyn de hal echt hiel moai", seit in Dútske dielnimmer. "It iis is goed en de minsken hjir binne ek goed."
De Vikingrace duorret noch oant sneontejûn.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar