Wassink nije wethâlder foar PAL GrienLinks yn gemeente Ljouwert

28 feb 2020 - 19:37

Bert Wassink, no noch boargemaster op Skylge, wurdt foardroegen as de nije wethâlder fan PAL Grienlinks yn Ljouwert. Wassink makke begjin jannewaris bekend dat er gjin twadde termyn woe as boargemaster op Skylge.

Bert Wassink - Foto: Omrop Fryslân

Neffens de Ljouwerter fraksje fan PAL GrienLinks hat Wassink in soad ûnderfining op griene en sosjale dossiers en kin hy de stim fan de partij yn it kolleezje goed fertsjintwurdigje en ferskate dossiers fierder bringe. "Hij is een kandidaat met ruime bestuurlijke ervaring in Noord-Nederland. We kijken ernaar uit om met hem samen te werken", fertelt fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf fan PAL GroenLinks.

De kommende moanne brûkt Wassink om syn wurk op Skylge sa goed as mooglik troch te jaan oan syn opfolger. Nei eigen sizzen wie Wassink op syk nei in oare bestjoerlike útdaging en dy hat er flotter as tocht fûn.

Wassink soe noch oanbliuwe oant begjin takom jier as boargemaster, mar makket no wat earder de oerstap nei it fêstelân.

(advertinsje)
(advertinsje)