Skoalbern ûntdekke 'harren' fikingferline by VIP-besite yn Fries Museum

It Fries Museum hat trije skoallen út Penjum, Mullum en Tsjummearum útnûge foar in VIP-besite oan Wij Vikingen. Yn de doarpen binne fikingskatten fûn dy't te sjen binne yn de tentoanstelling.
Vikingskip fan 15 meter yn it Fries Museum © Ronnie Porte
De learlingen fan SWS Tzummarum krigen freed in spesjaal programma yn it museum ynklusyf in workshop fikingskip bouwen. Yn it Fryske doarp waard ien fan de grutste muntskatten fan Noardwest-Europa ûntdutsen.
De sulveren munten, dy't nei alle gedachten om it jier 860 hinne opgroeven binne, binne noch oant en mei 15 maart te besjen.