Ireen Wüst en Antoinette de Jong kânshawwers foar de wrâldtitel allround

28 feb 2020 - 19:51

Reedrydsters Antoinette de Jong en Ireen Wüst binne beide kânshawwer foar de wrâldtitel allround dit wykein. Mar se binne beslist net de iennige. De wrâldtop by de froulju is miskien wol grutter as ea. De Jong seit dat in poadiumplak helber is. Ireen Wüst komt foar mar ien ding nei Hamar: "Als ik hier ben, wil ik winnen ook."

"Het is eigenlijk best wel lastig", begjint Ireen Wüst. "Bij de mannen heb je er misschien twee of drie die kunnen winnen. Bij de dames heb je een hele rij aan kanshebbers."

De wrâldtop hat miskien wol nea sa breed west. Njonken de Nederlanners Wüst, Antoinette de Jong en Melissa Wijfje (rydt foar Gewest Fryslân) is Martina Sáblíková de grutte favoryt en ek titelferdigener. Mar ek Ivanie Blondin (Kanada) en Natalja Voronina (Ruslân) binne poadiumkandidaten. "Ik denk zelfs dat je Lollobrigida niet moet uitvlakken." Sa komme we op in totaal fan sân kandidaten. "Maar dat maakt het toernooi wel echt heel leuk", seit Wüst mei in glimlaits.

Dit toernooi een toetje? Dat zou ik denigrerend vinden.

Ireen Wüst oer it WK Allround

Wüst waard twa wiken lyn wrâldkampioen op de 1500 meter. Dat wie dit seizoen it wichtichste. "Ik heb nooit onder stoelen of banken geschoven dat dat mijn doel was dit seizoen. Maar als ik hier rijd, wil ik winnen ook." En dus giet se noch in kear folút. "Dit toernooi een toetje? Dat zou ik denigrerend vinden."

Wüst hie wol wat lêst fan in jetlag. "En al de regen die er in Nederland viel, daar werd je ook niet vrolijk van. Ik moest wel even wennen. Maar goed, daar heeft iedereen die hier rijdt last van." Wüst tinkt dat se yn it foardiel is op de koarte ôfstannen. Logysk, as wrâldkampioene op de 1500 meter. "Ik denk dat ik op de 500 meter ook veel kan winnen. Ik denk dat ik erg veel snelheid heb."

It folsleine ynterview mei Ireen Wüst:

Antoinette de Jong hâldt har wat mear op de flakte oer har kânsen. Nei lang trochfreegje seit se: "In poadiumplak is helber, mar freegje my asjebleaft nei dei ien nochris."

De Jong har foarseizoen wie net goed en se pleatste har op de yndividuele nûmers net foar it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Salt Lake City. Mar se liket op tiid yn foarm. "Ik gean wer wat better oer it iis. It wie yn it begjin fan dit seizoen hurder wurkjen." Boppedat leit dit iis har goed, seit se. "Ik ha graach hurd iis en se ha hjir harren bêst dien der goed iis fan te meitsjen."

Foto: Orange Pictures

De Jong waard yn 2016 en 2019 tredde op it allroundtoernoai. Dat wol se graach ferbetterje. "Dat wurdt lêstich mei sa'n brede top. Mar ik bin miskien wol it meast stabyl. Sáblíková en Voronina binne goed op de lange ôfstannen, Ireen is better op de koarte en ik bin op alle ôfstannen wol aardich, hahaha."

It folsleine ynterview mei Antoinette de Jong:

(advertinsje)
(advertinsje)