Letitia de Jong stiet sânde nei earste dei WK sprint

28 feb 2020 - 19:33

Letitia de Jong stiet nei de earste dei fan it WK sprint op it sânde plak. De reedrydster út Feanwâlden waard alfde op de 500 meter en fjirde op de 1.000 meter. Miho Takagi giet yn it Noarske Hamar oan de lieding yn it algemien klassemint. Sneon steane beide ôfstannen nochris op it programma.

Letitia de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

Op de 500 meter waard De Jong alfde. Se notearre in tiid fan 38,18. Miho Takagi út Japan wûn de earste ôfstân ferrassend yn in nij baanrekôr: 37,51. Se wie dêrmei twa hûndertsten fan in sekonde rapper as har lângenoate Nao Kodaira en as Vanessa Herzog út Eastenryk.

Utslach earste 500 meter

1. Miho Takagi 37,51
2. Nao Kodaira 37,53
3. Vanessa Herzog 37,53
4. Olga Fatkulina 37,72
5. Angelina Golikova 37,77
11. Letitia de Jong 38,18

Op de 1.000 meter ried De Jong tsjin Takagi, de liedster yn it klassemint dus. Op de earste meters koe De Jong noch mei Takagi meikomme. mar dêrnei ried de Japanske hurd by de Friezinne wei. Takagi kaam yn 1.13,75 oer de finish, De Jong yn 1.14,85.

De tiid fan De Jong wie goed foar it fjirde plak op dy ôfstân. Efter Takagi waard Jutta Leerdam twadde, Jorien ter Mors tredde.

Utslach earste 1.000 meter

1. Miho Takagi 1.13,75
2. Jutta Leerdam 1.14,54
3. Jorien ter Mors 1.14,59
4. Letitia de Jong 1.14,85
5. Brittany Bowe 1.15,09

Nei de earste twa ôfstannen stiet De Jong dus op it sânde plak yn it klassemint. Har efterstân op Takagi is, omrekkene nei de twadde 500 meter, 1,22. It ferskil nei in poadiumplak is lytser. Kodaira stiet twadde en Olga Fatkulina út Ruslân tredde. De Jong moat 0,31 goedmeitsje op Fatkulina.

Sneon komme de sprintsters opnij yn aksje. Dan stiet om 10.30 oere de twadde 500 meter op it programma en oan it begjin fan de middei de twadde 1.000 meter.

Klassemint nei de earste dei

Goed te meitsjen (500 meter)
1. Miho Takagi
2. Nao Kodaira 0,87
3. Olga Fatkulina 0,91
4. Angelina Golikova 1,11
5. Jorien ter Mors 1,13
7. Letitia de Jong 1,22
(advertinsje)
(advertinsje)