Easterwâlde sintrum fan hannel yn drugs en wapens, wat witte we oant no ta?

28 feb 2020 - 18:01

Mei grut machtsfertoan en swier bewapene begûn de plysje tongersdei in grutskalige operaasje tsjin de hannel yn drugs en wapens yn it noarden fan Nederlân. Easterwâlde blykt dêrfan it sintrum te wêzen.

De plysje hat yn de saak trije Friezen oanholden: it giet om twa manlju út Ljouwert fan 34 en 31 jier, en in 34-jierrige man út Easterwâlde. Yn dat plak hannelen se yn drugs en wapens út in bedriuwsgebou. By in oanhâlding yn Drachten waard in Grinslanner fertochte yn 'e skonk sketten. Hy rekket ferwûne. Yn de nacht fan tongersdei op freed waarden de gebouwen dêr't de plysje ynfallen dien hat swier bewekke troch spesjale ienheden.

Wapens, munysje en eksplosiven

"Ik kan nog niet zeggen wat we hier in Oosterwolde hebben aangetroffen", seit plysjewurdfierder Ingrid Coenen. "Ik kan wel zeggen dat we wapens, munitie en explosieven hebben gevonden."

In kringloopwinkel yn Easterwâlde spilet in grutte rol yn it ûndersyk. De plysje hâldt der rekken mei dat it gebou it haadkertier is fan de organisaasje. De eigener fan de kringloopwinkel is oppakt. "De verdachten zijn bekenden van de politie", seit Coenen. "Verder kan ik niet veel kwijt over de achtergronden van de verdachten. Ze zitten in beperking. We doen ook nog onderzoek naar het pand."

Foto: De Vries Media

Omwenners net fernuvere

"De plysje hie minsken yn de omjouwing earder al frege om út te sjen nei bygelyks kentekens", seit ferslachjouwer Onno Falkena. "En minsken holden der al rekken mei dat der wat yllegaals barde. Foarbygongers reagearje hjoed ek net fernuvere oer de plysje-ynfal. Se fertrouden al net wat der barde. Dat gefoel waard fersterke trochdat der de lêste tiid in agressive hûn op it terrein rûn."

Boargemaster Harry Oosterman wie in skoftke lyn op de hichte brocht. "Ik hie tongersdeitejûn kontakt mei de offisier fan justysje", fertelt er. "Je skrikke wol even nei de ynfallen. Dat der wat fûn is, dat is moai. Mar we hiene net ferwachte dat it sa grutskalich wie. Absolút net tocht dat der wapenhannel plakfûn."

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf

Trefwurden: 
plysje Easterwâlde resjerzje
(advertinsje)
(advertinsje)