Trainer Jansen grypt yn: Odgaard op 'e bank

It hat acht wedstriden duorre, mar Johnny Jansen wiziget einliks syn basisopstelling. Jens Odgaard, de oanfaller dy't op 8 desimber syn lêste doelpunt foar SC Hearrenfean makke, moat plaknimme op de bank. Alen Halilovic, dy't ferline wike tsjin ADO Den Haag mei in geweldich doelpunt de 2-2 lykmakker oantekene, wurdt beleane mei in basisplak.
Trainer Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin FC Twente:
Johnny Jansen oer de wedstriid tsjin FC Twente
De Kroatyske middenfjilder spilet nei alle gedachten op de rjochterflank. Dêrtroch spilet Ejuke yn 'e punt fan de oanfal. Jansen: "Jens Odgaard zit in een moeilijke periode. Hij wil zo graag scoren en belangrijk zijn voor het elftal, dat hij zichzelf enorm onder druk zet. Daar heeft hij last van. Alen Halilovic mag nu laten zien hoe goed hij is."
"We maken nu keuzes. En dan kom je met z'n allen tot het besef dat we het in de spitspositie iets anders willen neerzetten. Jens is na zijn blessure misschien iets te snel teruggebracht. Bovendien heeft hij zijn kansen en zijn mogelijkheden gehad. Ik vond dat hij tegen ADO wel aardig startte, maar daarna zakte hij weg. Ook omdat hij van zichzelf loopt te balen en van de druk die hij voelt."
Odgaard heeft zijn kansen en mogelijkheden gehad.
Trainer Johnny Jansen
FC Twente stiet op it trettjinde plak en hat ien punt minder as SC Hearrenfean. Nei in kreaze seizoensstart is de ploech fan trainer Gonzalo Garcia fier fuortsakke. Al ferraste de ploech twa wiken lyn mei in kreaze 2-0 thúsoerwinning op AZ.

"Twente goed yn counter"

"FC Twente is erg goed in de counter. Ze spelen met Vuckic, Menig en Lang voorop, heel dicht bij elkaar. Ze hebben daar een blokje van drie middenvelders onder en als ze de bal onderscheppen, willen ze zo snel mogelijk naar voren. Dat is wel hun een grote kracht. Maar het is niet dat ze alleen maar willen counteren, het is gewoon een heel aardige ploeg."
Oanfaller Mitchell van Bergen fan de Feansters:
Mitchell van Bergen oer de wedstriid tsjin FC Twente
Der is de lêste wiken in soad krityk oer it tekoart oan skoarend fermogen. Sa waard der yn de lêste thúswedstriid tsjin ADO Den Haag mar leafst 38 kear op goal sketten, mar dat hat mar twa doelpunten opsmiten. Oanfaller Mitchell van Bergen makket him lykwols gjin soargen.
"Het is zeker geen crisis. We zitten gewoon in een mindere fase. We spelen gewoon goed voetbal, maar in de laatste fase zijn we slordig, zowel verdedigend as aanvallend. Ik denk niet dat we ons zorgen moeten maken."

Espejord noch net fit

Runar Espejord sit tsjin FC Twente net by de seleksje. Hy moat earst hielendal fit wurde.
"Runar heeft last van zijn rechterbeen. Het was bekend dat hij niet fit was toen hij overkwam uit Noorwegen. Hij zat wel bij de selectie, maar heeft altijd kleine pijntjes. We hebben gezegd dat hij eerst maar echt fit moet worden, voordat hij weer bij de selectie komt."
Trainer Johnny Jansen oer Espejord:
Jansen oer Runar Espejord
De wedstriid is sneontejûn live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. It kommentaar komt fan Arjen de Boer. Yn it ekstra sportprogramma is net allinnich omtinken foar earedifyzjefuotbal. Ek dogge wy ferslach fan kuorbal mei de wedstriid tusken LDODK en Groen Geel, follybal fan VC Snits tsjin FAST en de finale fan de KPN Maraton Cup yn Ljouwert.
Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Kongolo, Veerman; Halilovic, Ejuke en Van Bergen.
Joey Kooij is sneontejûn de skiedsrjochter by it duel. De 28-jierrige skiedsrjochter wurdt bystien troch de assistint-skiedsrjochters Patrick Inia en Dyon Fikkert.