Nijbou by jachthaven Swartkrús

14 nov 2011 - 15:47

By jachthaven Swartkrús by Noardburgum komme 23 apparteminten, 43 rekreaasjewenningen en in gloednij hotel mei 46 keamers. It giet om in plan fan Wietze Postma, de eigner fan de jachthaven.

Postma is al sûnt de jierren '80 dwaande mei de útwreidingsplannen. Hy wol de ûntwikkeling foarsichtich opsette. Pas as de apparteminten ferkocht binne, wurde se boud. It nije hotel wurdt as lêste delsetten. Dêr komt ek in restaurant by. Dêrtroch ûntstiet wurkgelegenheid foar 20 oant 30 minsken. Njonken de nijbou wurdt ek oars noch ynfesteard op it park: de oerflakte wetter wurdt flink grutter. Op it terrein stean no noch 86 steankaravans. Dat oantal wurdt op termyn werombrocht nei 16.

De gemeente Tytsjerksteradiel is yn prinsipe posityf oer de plannen, al moat it bestimmingsplan noch wol oanpast wurde. Boppedat moat de provinsje noch in oardiel jaan oer de plannen.

(advertinsje)