Gemeente Harns makket flater mei belestingoanslach

28 feb 2020 - 17:39

Ynwenners fan Harns kinne de OZB-oanslach ferskuorre en yn it jiskefet smite. Troch in flater hat de gemeente de ferkearde oanslach ferstjoerd. Foar partikulieren kin de rekken dêrtroch heger útfalle.

Foto: Omrop Fryslân

Yn jannewaris stimde de gemeenteried yn mei in ferheging fan oardel persint foar partikulieren. Foar bedriuwen is dy net feroare. De oanpassing is net trochfierd yn de administraasje. Sadwaande krige eltsenien in oanslach basearre op de gegevens oer ferline jier.

Wethâlder baalt as in stekker

Ferantwurdlik wethâlder Harry Boon biedt syn ekskuzen oan foar it ûngemak. As minsken al betelle ha, dan krije se neffens him it jild sa gau as mooglik werom. De nije oanslach leit binnen 14 dagen wer op de doarmatte. Neffens Boon hoecht dy net heger te wêzen. As de taksaasjewearde fan in gebou leger leit as yn 2019, dan falt ek de oanslach mooglik leger út.

(advertinsje)
(advertinsje)