'Kasinomiljonêr' Wim B. frijsprutsen yn heger berop

28 feb 2020 - 17:16

De 37-jierige Wim B. út Dokkum, ek wol bekend as de 'kasinomiljonêr', is yn heger berop frijsprutsen. Hy soe twa kear in falske oanjefte dien ha en ek soe hy in gouden ketting stellen ha fan de freondinne fan syn broer. Yn 2015 waard hy troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren.

Poker - Foto: Shutterstock.com

Wim B. hie oanjefte dien fan ûntfiering. Yn 2012 soe hy troch ûnbekenden tsjin syn sin meinommen wêze nei Amsterdam. Dêr soe B. sels ûntsnapt wêze. Yn de simmer fan 2013 soe hy nachts yn de wente fan syn âlden oerfallen wêze. De rjochtbank kaam ta de konklúzje dat B. beide ferhalen betocht hie.

It hôf kaam ta in oar oardiel. Neffens de rjochters is it net út te sluten dat B. ûntfierd is. Der kin dan ek net bewiisd wurde dat der sprake is fan in falske oanjefte. Dat jildt ek foar de oerfal en it stellen fan de gouden ketting.

(advertinsje)
(advertinsje)