FIDEO: Sa sjocht de ôfdieling foar swiere kriminelen yn Ljouwert derút

28 feb 2020 - 17:12

Ut it hiele lân wei is de parse der freed op ôfkaam. De iepening fan de spesjale ôfdieling foar swiere kriminelen dy't flechtgefaarlik binne oft dy't apart holden wurde moatte fan oaren yn de finzenis yn Ljouwert. Takom wike wurde de earste finzenen pleatst.

It rûkt noch wat nei ferve yn it ferboude part fan de finzenis. De sellen binne net oars as yn de rest fan 'e finzenis: in bêd, wc, tafel, in kast en opfallend genôch ek metalen bestek, besteande út in leppel, in mes en in foarke. "Er moet straks per gevangene gekeken worden of het bestek in de cel kan blijven", seit direkteur Toon Molleman dêroer. "Anders moeten ze elke avond na het eten het bestek teruggeven via het luikje in de deur van hun cel."

Ekstra tafersjoch op detinearden

Der komme maksimaal tolve finzenen yn dit part fan de finzenis. Op de ôfdieling moat yntinsyf tafersjoch wêze. Der komt dan ek betûft personiel, dat de ôfrûne tiid ferskate trainingen folge hat. Yn it oare part fan de PI (Penitentiaire Inrichting) yn Ljouwert binne der twa sipiers foar elke fjouwerentweintich detinearden. Op de ekstra befeilige ôfdieling binne dat der fjouwer foar tolve finzenen.

"We zien in heel Nederland dat gedetineerden uit deze zware groepen hun criminele handelen in detentie voortzetten. Dat is natuurlijk een zeer ernstige zaak, omdat iemand juist in detentie gaat om dat criminele gedrag te stoppen. Dan kan het niet zo zijn dat als iemand vastzit, zijn handeltje voortzet. Daarom is deze maatregel belangrijk."

Foto: ANP

Neffens Molleman sille omwenners net in soad fernimme fan de nije bewenners yn de finzenis. "Ik denk dat we mogelijk wat meer beveiligd verkeer vanaf de gevangenis naar de rechtbank gaan zien. Maar verder ga je er op straat niks van merken. We zijn al een hoogbeveiligde inrichting, en we hebben onze zaken goed op orde."

Toon Molleman

Trefwurden: 
finzenis Marwei PI Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)