PODCAST: 'Pas op foar moaie jonge froulju'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze sechde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Pas op foar moaie jonge froulju'.

Utstjoering 6: Pas op foar moaie jonge froulju

Mc Fee is mei syn soan Sean en twa maten te jeien yn de Skotske Heechlannen. Se ha moai wat kninen sketten en it is eins te let om noch werom nei hûs te gean. Se wolle oernachtsje yn in skieppehok. Boppen in fjoer meitsje se de kninen klear, se ha wat wisky en it wurdt tige gesellich. Sean is wurch en jout him del. De manlju sjonge en dûnsje. Ynienen stean der fjouwer moaie jonge froulju foar de doar. De froulju betsjoene de mannen mei har skjintme, se dûnsje en sette harren lippen tsjin de halzen fan de jagers. Op dat stuit begrypt Mc Fee wat it foar froulju binne en wat harren doel is.
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.