Kontrôle by trije shishalounges yn Ljouwert

28 feb 2020 - 16:28

Trije shishalounges yn Ljouwert ha tongersdeitejûn in net oankundige besite krigen fan de dûane, plysje, frjemdlingeplysje en de gemeente. Sy diene de kontrôles om't der ôfrûne jierren hieltyd faker slimme geweldsynsidinten by dit type bedriuwen binne.

Foto: Shutterstock, Barish Baur

Fanwegen dy slimme geweldsynsidinten fûnen de plysje en oare partijen it nedich om ek in kontrôle yn Ljouwert te dwaan. In shishalounge is in hoarekagelegenheid dêr't je wetterpiip smoke kinne.

De hoarekabedriuwen binne tongersdei om 18.00 oere hinne tagelyk troch ferskate teams besocht. By ien shishalounge waard trije kilogram tabak oantroffen dêr't gjin belesting oer betelle wie. Fierder wie der by in lounge gjin liedingjaande en kaam de bewennersynskriuwing net oerien. De gemeente rûnet de saken ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)