'Help Pake en Beppe de fakânsje troch' luts 17.000 besikers

28 feb 2020 - 16:26

De Fryske musea sjogge werom op in goed besochte njoggentjinde edysje fan de aksje 'Help Pake en Beppe de fakânsje troch', yn de maitiidsfakânsje. Der diene dit jier yn Fryslân 42 ynstellingen oan mei. Yn totaal hawwe der 17.000 besikers west, sa seit de museumfederaasje Fryslân. Dy federaasje docht de koördinaasje en promoasje fan de aksjewike.

Mefrou Huizing tsientûzenste besiker GIF - Foto: Omrop Fryslân

Hiel drok wie it by it Natuermuseum Fryslân, dêr stiene op guon mominten sels rigen besikers foar de doar. Troch de eksposysje GIF stie de teller al nei twa wiken op tsientûzen besikers, mei 1.500 besikers deis.

De komst fan de tsientûzenste besiker waard freed grut fierd. De famylje mocht fergees nei binnen en krige blommen en kadokes út de GIFt-shop. Frou Huizing út Drinte wie in dei op stap mei har twa dochters en bernsbern.

1.500 besikers deis

Yn de ôfrûne twa wiken wie der in soad drokte. Ferline wike, de wike dat it noarden fan ús lân fakânsje hie, kamen der mear as 1.500 besikers deis nei de eksposysje. Mar ek dizze wike kamen in soad minsken nei Ljouwert ta. Der kamen sels minsken út België nei ús provinsje.

Yn de tentoanstelling GIF binne libjende giftige slangen, spinnen, kikkerts en skorpioenen te sjen. Om't it om libjende bisten giet, is der eltse kear wer wat oars te sjen. De eksposysje is oant en mei 3 jannewaris 2021 te sjen. Rûnom de eksposysje GIF binne in soad lêzingen, ekskurzjes en oare aktiviteiten organisearre.

(advertinsje)
(advertinsje)