Skylger hoareka makket wurk fan plestikfrij wurkjen

De hoareka op Skylge is begûn mei in projekt om yn 2025 plestikfrij te wurkjen. Dan giet it om plestik guod dat mar ien kear brûkt wurdt, mar ek om it gebrûk fan plestik út it sicht fan de gasten. Dat foarbyld fan lokale ynset tsjin it gebrûk fan plestik kaam foarby op de wurkkonferinsje Wadden Plasticvrij dy't freed en sneon hâlden wurdt op it eilân.
Plasticfrije horeka op Skylge
It is net altyd ienfâldich, seit hostelmanager Albert Wiegman fan de Stayokay, want gruthannels en leveransiers binne net altyd klear foar in plestikfrije wurkwize. Dêrnei wurdt ek sjoen oft der wat dien wurde kin oan it brûken fan plestik yn supermerken.

Wat dwaan tsjin plestik

De wurkkonferinsje Wadden Plasticvrij is foar en troch in mienskip fan minsken organisearre, dy't oer it hiele Waad dwaande is om wat te dwaan tsjin de fersmoarging mei plestik. De reewilligens om dêr wat oan te dwaan, is wol tanommen sûnt it barren mei de MSC Zoe.
Njonken de ynset op de eilanner hoareka is der ek praat oer it ferwurkjen fan plestik swalkôffal ta brûkbere saken. Fierder wurdt ynset op it bewust meitsjen fan rekreanten. Dy hawwe faak net troch dat sy bêst in grutte rol spylje by it ûntstean fan ôffal op it Waad. Rykswettersteat, dy't inisjatyfnimmer is fan de konferinsje, wol dêr mei oan 'e gong.
Albert Wiegman fan de Stayokay op Skylge-West
Plastik ôffal op tafel op de wurkkonferinsje Plastic vrije Wadden. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Floris van Bentum fan Rykswettersteat