Learlingen RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer dûke yn it djippe

Middelbere skoalle RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer is begûn mei in yntroduksjeles dûken. De learlingen fan de skoalle ha in yntroduksjedûk makke yn it swimbad Bloemketerp. It past ek by de opliedingen dy't de learlingen dogge foar de saneamde 'unifoarmberoppen', seit dosint Ilja Poesse.
Dûkles RSG Simon Vestdijk Frentsjer © Omrop Fryslân
"Het is een vaardigheid die hen helpt bij die uniformberoepen en bij hulpverlenende beroepen", neffens Poesse. Boppedat: "Langs deze weg krijgen de leerlingen een eerste oriëntatie op bijzondere vaardigheden die passen bij het leidinggeven aan groepen kinderen."
De learlingen binne yn de kunde kaam mei de dûksport en de mooglikheden dy't dêrby hearre. Neffens de skoalle is de ûnderfining dy't de learlingen opdogge wichtich foar har ûntwikkeling nei tsjinstferlieners.