Part fan Skiermûntseach wurdt wer Frysk

In part fan it easten fan Skiermûntseach dat stadichoan opskoot, heart meikoarten wer by Fryslân. De provinsje Fryslân is úteinset mei in proseduere foar grinskorreksje. Neffens Peter van den Meerschaut fan de provinsje is de feilichheid in wichtige reden foar de korreksje.
© Rijkswaterstaat
De provinsje wol by kalamiteiten dúdlik ha hokker gemeente, provinsje en Veiligheidsregio reagearje moat. Neffens Van den Meerschaut hat de korreksje neat mei de kontenerramp fan de MSC Zoe te krijen. Op dit stuit falt in stik fan de eastkant fan Skier ûnder de Grinzer gemeente Het Hogeland. Foar korreksje fan de grins is in weryndielingsproseduere nedich.

Noch yn ûntjouwing

Van den Meerschaut jout oan dat de beslútfoarming noch yn ûntjouwing is. Neffens him kin it wolris in skoft duorje foardat it safier is. "Belanghebbenden kunnen zienswijzen indienen op het ontwerpbesluit. Vervolgens gaat de aanvraag naar het Rijk."
Wêr't de nije grins fan Skiermûntseach komt, is noch net bekend. It stribjen is yn alle gefallen dat fan jannewaris 2021 ôf de grins yn see komt te lizzen. Dy grins leit no noch op in stik strân fan Skier.
De hjoeddeistige grins fan gemeente Skiermûntseach en Het Hogeland © Provinsje Fryslân
Der is al in skoft diskusje oer de fraach oft Skier net better by Grinslân hearre kin. Geografysk sjoen leit it eilân foar it grutste part ta hichte fan Grins. Troch de sterke streaming fan de see spielt sân fuort fan de westkant fan it eilân. Op de eastkant komt der just wer sân by. Sa ferpleatst it eilân him hieltyd mear rjochting it gebiet fan de provinsje Grinslân.

Ferkeap

Earder ferkocht Grinslân in part fan it eilân oan Fryslân foar 274.500 euro. Skiermûntseach moast doe 23.000 euro betelje oan de gemeente Eemsmond. Dat part fan it eilân heart sûnt 2006 wer by Fryslân. It gie doe, krekt as no, om in part mei benammen sân en wetter.