Bysûndere Snitser 'oarlochsbeam' krijt twadde libben

02 mrt 2020 - 11:00

De 'oarlochsbeam' yn de Snitser wyk Harinxmalân krijt in twadde libben. De popelier oan de Oerdyk, dy't yn de oarloch plante is troch ûnderdûkers, moat fuort om't op dat plak nije wenningen komme. In stekje fan de beam moat yn de nije wyk opnij plante wurde.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Plante troch ûnderdûkers

De beam wurdt in 'oarlochsbeam' neamd om't ûnderdûkers yn de Twadde Wrâldoarloch de beam planten fan in âlde tûke. Dy is útgroeid ta de beam dy't der no stiet. Yn de oarloch waard it boerespultsje oan de Oerdyk bewenne troch Douwe van der Meer en syn famylje. "Heit en mem hiene ûnderdûkers", fertelt de 86-jierrige Anne van der Meer. "Twa omkes fan mem har kant, en noch in pear ûnbekenden."

"Myn heit hat trije beammen plante hjir, en se giene allegear dea. Utsein dizze, dizze libbe noch in bytsje. En doe hiene we hjir ûnderdûkers. Ien fan dy ûnderdûkers sei tsjin ús heit: jo moat de beam ôfseagje en it tûkje stean litte, dan libbe der foar de bern", seit Van der Meer. "Doe hat ús heit dat tûkje stean litten, en dat tûkje is dizze beam no wurden. Dat fyn ik wol in wûnder."

Trijekwart iuw letter is ûntsteansskiednis noch goed te sjen. "It is in wylde beam. De tûken stekke al leech boppe de grûn alle kanten op."

Petear mei de 86-jierrige Anne van der Meer oer de oarlochsbeam

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De beam is it better fergien as de ûnderdûker oan wa't de beam syn bestean te tankjen hat. "Dy hat mar in pear dagen by ús west. Doe krige hy in oar plak, yn Boazum. Dêr is hy deasketten." Van de Meer wit de namme fan de ûnderdûker net mear. "Wat ik al wit, is dat heit him doe aardich knypt hat. Wie dy ûnderdûker wol te fertrouwen? Soe hy ús ferret hawwe? Dêr siet heit oer yn."

Ynsette foar de beam

De skiednis fan de popelier wie foar riedslid Carla van der Hoek (Gemeentebelangen-Totaal Lokaal) oanlieding om te freegjen oft der op syn minst wat fan de oarlochsbeam bewarre bliuwe koe. Wethâlder Erik Faber hat doe tasein him dêrfoar yn te setten. "Ik heb het gewoon in de commissievergadering verteld, het verhaal van de boom en de onderduiker. En gelukkig zei de wethouder: je hebt gelijk, we moeten hier wat mee", fertelt Van der Hoek.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei oare belutsen persoanen

It hout fan de âlde beam komt wol werom yn de nije wyk. Dêrfan wurde boarterstastellen en bankjes makke. De boarterstastellen komme op in boarterseilân yn de nije wyk te stean. Ek de bankjes moatte dêr in plak krije. Op ien bankje komt ek in plakette mei de skiednis fan de beam.

In stekje fan de beam moat opnij plante wurde yn de wyk. Dan komme der popelieren yn de wyk te stean dy't ôfstamme fan dizze oarlochsbeam. "Dat er een aantal overleven en dat die er over 75 jaar nog staan. En dat het verhaal er nog is, want dat is het belangrijkste: dat het verhaal blijft bestaan", leit Van der Hoek út.

Dat is het belangrijkste, dat het verhaal blijft bestaan.

Riedslid Carla van der Hoek
(advertinsje)
(advertinsje)