Freedsmerk oer coronafirus: "Gjin panyk, mar ik stel it boeken fan de fakânsje wol efkes út..."

Ynternasjonale beurzen kelderje, skoalreiskes wurde ôfsein, desynfeksjemateriaal is net oan te slepen en mûlkapkes binne folslein útferkocht: it coronafirus hâldt de wrâld yn 'e besnijing. Mar op de Ljouwerter freedsmerk wie fan panyk gjin sprake...
© Omrop Fryslân, René Koster
"Der is by ús folslein gjin panyk, mar ik stel it boeken fan de fakânsje wol efkes út. Jo hoege it ek net op te sykjen, no?". Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de nije faze dêr't de corona-gryp no yn bedarre is, mei besmettingen yn Nederlân.
It wiene benammen nochtere reaksjes: "It is net oars as by in oare gryp, jo moatte de gewoane hygiëneregels tapasse." De grienteman fûn dat it no wol tichtby kaam. "En my frou sei al, dou must mar handskoentsjes an doen".
Ek waard derop wiisd dat it benammen âlderen binne dy't yn de gefaresône sitte. "Mar dan kin it ek fuort deadlik wêze." De tasseman fûn it soad gedoch om neat: "Het wordt krankzinnig aangedikt in de media. Het wordt gehypet".
Der waarden ek mûlkapkes ferkocht op de freedsmerk, mar dat wiene spesjale foar motorriders en -crossers. "Ik garandearje net dat se helpe tsjin firussen." Ien man fertelde dat er koartlyn kontakt hân hie mei in Italiaanske frou en wat koartsich west hat. Mar hy wie net yn panyk: "Het gaat alweer goed, hoor!"
Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk