Smellingerlân organisearret moanne foar oanpaste sporten

28 feb 2020 - 13:22

Sportbedrijf Drachten organisearret de earste moanne fan oanpaste sporten. De organisaasje fynt dat sport en bewegen foar eltsenien beskikber wêze moat, ek foar minsken mei in beheining. De gemeente Smellingerlân is dit jier European City of Sports en dêrom grypt it sportbedriuw novimber oan as moanne fan de oanpaste sporten.

Foto: Sportbedrijf Drachten

It is foar minsken mei in beheining in stik dreger om de goede sport te finen, om't net eltse oanbieder past by de yndividuele behoeften. It sportbedriuw wol dêrom mei ferskate partijen in programma ûntwikkelje, dêr't kennismeitsje mei oanpaste sporten by sintraal stiet.

"'Iedereen doet mee' is in hieltyd wichtiger tema", seit Nynke den Heijer, beliedsmeiwurker fan gemeente Smellingerlân. "Binnen alles wat we dogge, lykas yn it lokale sport- en beweechakkoart en de ynkluzjeaginda fan Smellingerlân."

De organisaasje fan European City of Sport is ek wiis mei it inisjatyf. "Met trots kan ik terugkijken op een geslaagde eerste bijeenkomst. Het is mooi om te zien hoeveel energie er vanuit de groep is om gezamenlijk toe te werken naar een maand vol activiteiten op het gebied van aangepast sporten", fertelt Kim Assen, programmamanager Smallingerland European City of Sport. De sportmoanne is yn novimber fan dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)