Trije Friezen oppakt yn grut resjerzje-ûndersyk nei wapenhannel, drugs en geweld

Yn in grut resjerzje-ûndersyk nei wapenhannel, drugs en geweldsdelikten hat de plysje trije Friezen oanhâlden. It giet om twa manlju út Ljouwert fan 34 en 31 jier, en in man (34) út Easterwâlde. Sy wurken nei alle gedachten fanút in bedriuwsgebou yn Easterwâlde.
De plysje hat tongersdei en freed meardere ynfallen dien yn santjin gebouwen, yn ûnder oare Drachten, Easterwâlde en Ljouwert. Tongersdeitejûn fûn yn Drachten in sjitynsidint plak, dêr't yn elts gefal ien persoan ferwûne rekke.
Ek yn Hoogeveen, Beilen en Roden yn Drinte; Grins, Stadskanaal, Marum en Winschoten yn Grinslân en Dedemsvaart yn Oerisel is de plysje pannen binnenfallen. Alle gebouwen wurde strang bewekke. De plysje wachte mei guon trochsikingen oant freed, om't der deiljocht nedich wie.

Kringloopwinkel trochsocht

Yn Easterwâlde wurdt op dit stuit de kringloopwinkel trochsocht. Om it gebou hinne binne hekken pleatst, wêrtroch't it gebou net mear sichtber is. Ek Definsje en de Landelijke Eenheid fan de plysje binne oanwêzich. Der wurdt ûnder oare mooglik ûndersyk útfierd mei in drone.