Harksit fan ultrarinster Hinke Schokker yn april

28 feb 2020 - 12:11

It ferwarskrift fan ultrarinster Hinke Schokker fan Eastermar wurdt op moandei 20 april behannele yn in harksit troch it Instituut Sport Rechtspraak yn Nieuwegein. Schokker waard posityf test nei har winst en nasjonaal rekôr op it Nederlânsk kampioenskip hûndert kilometer hurdrinnen yn Winschoten, yn septimber ferline jier.

Hinke Schokker - Foto: De Vries Media

Ultrarinster Hinke Schokker fan Eastermar fjochtet har 'voorlopige schorsing wegens vermeend dopinggebruik' oan. Der hinget har in skorsing fan fjouwer jier boppe de holle.

Der binne twa advokaten dy't har fergees bystean. Se wol dúdlik meitsje dat se net wist dat it medisyn dat se brûkt, yn striid wêze soe mei it dopingreglemint.

(advertinsje)
(advertinsje)