Stellingwerver brouwers komme nei nije bierkes, en plan foar soarchbrouwerij

28 feb 2020 - 11:38

Net ien, mar twa nije en bysûndere bierkes binne freedtemoarn presintearre yn Hotel Lunia yn Aldeberkeap. It giet om in triple en in quadruppel, fan de lytse brouwerij De Heer'n van Stellingwarf yn Wolvegea.

Foto: ANP

De manlju binne al sa'n trije jier dwaande mei it brouwen fan harren bier. Yn 2017 kaam it earste bierke op 'e merk, De Ondeugend Blond. No trije jier letter bringe se nochris twa bierkes út.

"Wij zijn vijf vrienden die wel van een biertje houden, en toen kwamen we eigenlijk op het idee: hoe mooi zou het zijn dat we zelf onze bieren gingen brouwen. En van het één komt het ander", fertelt René Boornstra, ien fan de manlju fan de brouwerij.

De ingrediënten binne geheim. "Eén ding mag ik wel verklappen, dat is het water wat gebruikt wordt. Die komt natuurlijk uit de bron uit de Stellingwarf", leit Boornstra út. Uteinlik wolle de mannen nei sa'n seis of sân bierkes dy't se brouwe.

Soarchbrouwerij

Op freedtemoarn wie de presintaasje fan de twa nije bieren. Der wiene twa boargemasters oanwêzich, dêr't de brouwers in boadskip oan meijaan woene.

"We hebben nu een kleine brouwerij, maar we willen eigenlijk toe naar een grote brouwerij. Naar een zorgbrouwerij, die arbeidsplaatsen kan opleveren voor mensen die het moeilijk hebben op de arbeidsmarkt. Bijvoorbeeld voor mensen met een beperking, voor die doelgroep. Op die manier kunnen we die mensen dan misschien een dagbesteding geven."

In petear mei René Boornstra oer de nije bierkes

(advertinsje)
(advertinsje)