Gemeente hellet foar oerlêst soargjende pannakoai yn Dokkum fuort

28 feb 2020 - 11:25

De gemeente Noardeast-Fryslân hellet ynkoarten de pannakoai yn de Reigerstrjitte yn Dokkum fuort. Yn july 2019 bepaalde de rjochtbank dat it boartersplak tydlik sletten wurde moast, fanwege klachten oer (lûds-)oerlêst. De opsjes om de pannakoai oan te passen of te ferpleatsen, binne lykwols sa djoer dat de gemeente besletten hat it bouwurk folslein fuort te heljen.

Foto: Google Street View

Al sûnt de iepening fan de pannakoai, yn septimber 2012, kamen der geregeld klachten binnen. Der wie lûdsoerlêst fan jongerein dy't hurd ballen tsjin de hikken skopte en lûd prate en raasde. De omwenners setten yn 2017 in hantekenaksje op, dy't troch 62 minsken stipe waard. In pear jier letter, yn 2019, waard der wer in petysje opsetten. Dy waard 401 kear ûndertekene.

Der kamen spulregels, petearen mei omwenners en de jongerein en der kaam yntinsiver tafersjoch. Sawol de plysje as jongereinwurk gie regelmjittich by de pannakoai del om derfoar te soargjen dat de oerlêst ofnimme soe, mar dat barde net.

Ferskate oplossings

De gemeente oerwoech dêrom om beheinde iepeningstiden yn te stellen om de oerlêst te ferminderjen, mar dat bliek net helber, om't der gjin tafersjoch wie. It ferfangen fan de pannakoai foar in 'lûdsearmere' fariant wie ek gjin opsje, om't de kosten dêrfoar op 30.000 euro skatten waarden. Der waard ek besocht de pannakoai lûdstichter te meitsjen, mar dat slagge mar foar in part.

It ferpleatsen fan de pannakoai nei in oare lokaasje yn it Fugellân of yn Dokkum is ek gjin alternatyf, om't it bouwurk dreech út elkoar te heljen is en djip yn de grûn ferankere sit. In nije pannakoai wurdt skatten op 39.000 euro. Ek dêr is gjin jild foar yn de gemeentlike begrutting.

Yn it foarjier en de simmer soe der wer mear drokte ferwachte wurde by de pannakoai. De kosten foar tafersjoch soene útkomme op 17.000 euro. Ek dêr hat de gemeente gjin budzjet foar.

Folslein fuorthelje

De gemeente hat dêrom besletten de sportfoarsjenning folslein fuort te heljen. "De pannakooi heeft als speelvoorziening een maatschappelijk belang. Echter, gezien de afstand van de pannakooi tot de dichtstbijzijnde woning en de aanzuigende werking van de pannakooi kan mogelijke onevenredige overlast niet worden uitgesloten", skriuwt de gemeente.

De pannakoai wurdt uterlik 1 maaie fuorthelle en bliuwt oant dy tiid ôfsletten mei in hekwurk.

Wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)