FIDEO: Seehûn leit op steger oan de Nije Swemmer by Westergeast

In seehûn hat freedtemoarn wol hiel djip Fryslân yn in útstapke makke. It bist waard sjoen op in steger by it wetter fan de Nije Swemmer, by Westergeast.
De seehûn leit op 'e steger oan de Nije Swemmer:
Seehûn by Westergeast
De seehûn lei dêr freedtemoarn yn 'e sinne op de steger, by fakânsjepark Ljeppershiem. Hoe't it kin dat de seehûn sa fier swommen is, is net dúdlik. It bart wolris faker dat seehûnen fier it binnenwetter yn swimme.
© Nynke