Learlingen Bogerman Snits krije earste duorsumensatlas útrikt

28 feb 2020 - 09:53

Learlingen fan it Bogerman College yn Snits nimme freedtemoarn as earste skoalle yn Fryslân de nije Bosatlas fan de duorsumens yn ûntfangst. Yn dy atlas giet it ûnder oare oer de ynfloed fan de minsk op de ierde en it klimaat, it opreitsjen fan grûnstoffen en it ferlies oan bioferskaat.

Foto: Noordhoff

It giet om in lanlik inisjatyf, wêrby't úteinlik alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis in duorsumensatlas krije. De atlas wurdt yn Snits útrikt troch deputearre Sander de Rouwe fan de provinsje en Houkje Rijpstra fan de feriening Circulair Friesland, dy't ek in bydrage levere hat oan it nije boekwurk. "Wy binne ien fan de partijen dy't ynformaasje oanlevere hat foar dy atlas. Der steane twa siden yn oer Fryslân en wat Circulair Friesland dêryn betsjut", seit Houkje Rijpstra.

"It is belangryk dat de Friezen fan de takomst witte hoe't wy yn in nije, folhâldbere ekonomy hannelje moatte. Mar it is benammen belangryk dat bern sjen kinne hoe't bepaalde situaasjes ûntstean koene. Hoe't we bygelyks no in tekoart op bepaalde grûnstoffen hawwe en noch mear krije sille. En it is goed om te sjen wat dêr op ferskillende plakken yn Nederlân oan dien wurdt."

"Genôch ljochtpuntsjes"

No rinne de mieningen útien wat duorsumens oanbelanget. Hoe sit it dan mei de ynhâld fan de atlas? Rijpstra: "It byld dat it op in hiel soad plakken net goed giet, bliuwt wol oerein. As je hiel swartgallich sjen wolle, dan kinne je der wol negative dingen yn sjen, mar der binne ek genôch ljochtpuntsjes. We binne dwaande mei in transysje nei in nije ekonomy en dat is altyd in perioade fan gaos, dêr't minsken net altyd yn ienriedich binne oer wat no de bêste opsjes binne. Mar dat moatte we no mei ús allen útfine."

Foto: Google Streetview

De learlingen fan it Bogerman sille sels ek presintaasjes jaan. "Ien learling sil oer syn profylwurkstik fertelle, oer duorsum materiaalgebrûk yn de bou. En der binne ek oare learlingen dy't sjen litte sille hoe't sy op skoalle goed dwaande binne mei dit tema."

Circulair Friesland set him yn om op skoallen mear ynformaasje te jaan oer duorsumens. "We wolle ynstruminten jaan foar hoe't hjir yn it ûnderwiis mei omgien wurde kin. Wy sjogge dat in protte skoallen der net allinnich in soad belangstelling foar hawwe, mar der ek moaie dingen mei dogge."

Houkje Rijpstra fan Circulair Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)