Kollum: "Fris en fleurich"

28 feb 2020 - 08:23

"Twa febrewaris wie it Imbolc, it earste Keltyske jierfeest fan dit jier en it soe 'yn de búk' betsjutte. Dêrmei wurdt de maitiid bedoeld, mei alle earste blommen en planten dy't noch yn 'e búk fan de ierde sitte mar elts momint berne wurde kinne. Der wurdt ek wol sein dat Imbolc fan it wurd 'Oimelc' komt dat 'ooimelk' betsjut omdat der wer lamkes berne wurde. Ik ha sels wol affiniteit mei de âlde Keltyske gebrûken, mar bin dêr net mei grut wurden of sa.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Ik tink dat de measte minsken hjir net mear hiel wiidweidich by stilstean en gewoan sizze dat it foarjier yn 'e loft hinget. Mar meidat de dagen langje, de sinne yn krêft tanimt en de fûgels begjinne te fluitsjen, krije wy ornaris de oanstriid om te himmeljen, sadat hûs en hiem der kreas útsjogge en alles wer fris oanfielt. Eins is dat in typysk Imbolc-ritueel wat se eartiids ek al diene om de bedompte winterlucht it hûs út te jeien. It wie ek de tiid dat de foarrieden hast op wiene en it earste ûnkrûd, lykas jonge brânnettels wer boppe kamen. As de skiep lamme hiene, wie der ek wer farske molke én it earste wurk op it lân koe wer dien wurde.

No libje wy it hiele jier troch yn sa'n weelde dat we fan illinde om dizze tiid hinne massaal nei de sportskoalle tôgje om de winterkilo's derôf te switten, mar dat hat fansels net altyd sa west. Ast hielendal ôfhinklik wiest fan dyn eigen hoekje grûn en fee, dan wiest grif wol in kear útsjoen op al ynmakke iten en sâlte fleis. Miskien wiest dan wol bliid mei de earste jonge brânnettels want dy binne hiel sûn en kinst der lekkere tee of sop fan meitsje.

Ik gean net nei de sportskoalle, mar ik ha al in minitrampoline kocht. It foldocht my prima en ik hoopje dat ik troch it springen wer in bettere kondysje krij. Yn 'e natoer is it dan wol Imbolc, mei de maitiid yn 'e búk, by de measten fan ús is it Opbolc, mei it winterspek noch op 'e búk. En dêr't se eartiids bliid wiene mei it earste ûnkrûd, binne we dat no mei de peaske-aaien.

It karnaval, in fan oarsprong katolyk feest mei mooglike heidenske woartels, is ek in maitiidsfeest. Mei dit folksfeest koest dy trije dagen tjirgje, lam sûpe en fol frette, mar dêrnei moastest 40 dagen fêste. Der wurdt ek wol sein dat 'carne vale' Latynsk is foar 'vaarwel aan het vlees' dus it soe ek betsjutte kinne datst oant peaske gjin fleis ite mochtest. Ik tink net dat in soad minsken dit lêste noch dogge, mar yn 'e basis wie it grif goed bedoeld.

Ast dy ferdjippest yn de oarsprong fan al dizze feesten en rituelen, dan binne der ferskate ferhalen oangeande it ûntstean en de komôf. Mar wat yn al dy jierren net feroare is, is dat it hiel sûn is om sa út en troch te fêsten sadat de stofwikseling de boel fan binnen goed opromje kin. Troch in skoftsje minder, mar wol sûn te iten, krijt it liif mear tiid en enerzjy foar it ûntgiftsjen en it reparearjen fan de sellen. En sûnder alle ôffalstoffen yn dyn bloedbaan en dyn systeem ferdwine guon klachten as snie foar de maitiidssinne.

It docht dus wol bliken dat de minsken eartiids hielendal sa gek net wiene. Dêr komt by dat in sûne stofwikseling faak ek in heldere en rêstige geast jout. Ast yn dizze perioade dyn hûs en liif dus goed oprommest dan wurdt alle enerzjy fernijd en kinst wer fris en fleurich oan it nije jier begjinne."

(advertinsje)
(advertinsje)