Marit Bouwmeester pakt opnij wrâldtitel op Laser Radial: "We hawwe echt in stap setten kwa nivo"

28 feb 2020 - 20:41

Marit Bouwmeester hat freed yn Australië de wrâldtitel yn de klasse WK Laser Radial herovere. De no fjouwerfâldich wrâldkampioen fan Warten gie mei in kopposysje de lêste wedstriiddei fan it WK yn en slagge deryn dy posysje te behâlden. Se liet de nûmer twa, de Nederlânske Maxime Jonker, mei twa punten achter har.

It brûns giet nei de Noarske Line Flem Høst, dy't tongersdei noch twadde stie. Sy behelle trije punten minder. Bouwmeester wûn de titel foar de fjirde kear. Se pakte earder goud yn 2011, 2014 en 2017. Yn 2018 en 2019 moast se har tefreden stelle mei sulver.

Tongersdei gie Bouwmeester noch rom oan kop yn it overall klassemint, mar de Friezinne seach har foarsprong lytser wurden op de lêste dei fan it evenemint. In mindere earste race brocht har op mar twa punten ôfstân fan Maxime Jonker, dy't nei it twadde plak klom. Dêrnei sakke de wyn fuort en koene der gjin races mear dien wurde.

Foto: Jon West Photography

"Der wie net in soad wyn en wol grutte drukferskillen en dat makke it hiel dreech. Ik kaam it earste krúsrak net hielendal lekker út en dan wurdt it in gefjocht fan start oant finish. Ik sette it minste resultaat fan de wike del. Dêrnei wie de wyn hielendal op en hawwe we net mear farre kind. Mar we hawwe wûn!", seit in blide Bouwmeester.

"We hawwe echt in stap setten kwa nivo. En dat is lekker om yn it Olympysk jier te hawwen. Dit evenemint seit noch net in soad oer de Olympyske Spelen, mar as we dizze stigende line trochlûke kinne, is dat wol super! It is noch seis moannen. We wolle en moatte better yn Tokio, dus we sille noch absolút net de foet fan it gaspedaal helje."

Fjouwer Nederlânske sylsters yn top 10

Neist Bouwmeester diene ek Maxime Jonker (2e), Daphne van der Vaart (7e) en de Friezinne Mirthe Akkerman fan Akkrum (10) goede saken. Alle fjouwer froulju einigen yn de top tsien. Coach Roelof Bouwmeester is grutsk: "Dit is wol hiel cool. Fjouwer fammen by de earste tsien. Dat betsjut dat we in sterke trainingsgroep hawwe. Ik bin grutsk op it nivo dat de froulju levere hawwe."

(advertinsje)
(advertinsje)