Pieter Winsemius wol 'Aanvalsplan Grutto' yn maart oerlangje oan minister Schouten

28 feb 2020 - 07:05

Noch net alle belutsen partijen hawwe harren der al oan ferbûn, mar it is no oan de polityk om it saneamde 'Grutto Aanvalsplan' foar elkoar te krijen. Inisjatyfnimmer en âld-minister fan Miljeu Pieter Winsemius wol it plan heal maart oerlangje oan minister Carola Schouten fan Lânbou, Fiskerij en Natuer. Dat sei hy tongersdei op de provinsjale greidefûgelkennisdei op De Jouwer.

Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Rûchwei komt it plan, dat yn april ferline jier nei bûten kaam, der op del dat der 1.000 bunder grutte gebieten komme moatte foar de skries, mar ek foar oare greidefûgels. En dat moat gebeure yn de fiif provinsjes dêr't de measte skriezen briede, mei Fryslân yn in haadrol.

De ynrjochting en it behear moatte dêr ek yngreven op oanpast wurde. Boeren yn dy gebieten moatte der wis fan wêze dat sy der ek op lange termyn genôch fertsjinje kinne. It tal kij moat oanpast wurde op it lân, sadat der minder yntinsyf buorke wurdt, it ferlies oan ynkommen moat opfongen wurde en der moat mear betelle wurde foar de molke.

In alarmearjende skries - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It plan wurdt stipe troch de Friese Milieufederatie en It Fryske Gea. Yn Fryslân soe it gean om tsien of alve gebieten. Winsemius hat mei in soad partijen om tafel sitten om it plan fierder te ûntwikkeljen en sjocht dat der kânsen binne en ek wol de reewilligens om dy te pakken. Mar troch de stikstofkrisis bewege in soad partijen yn de melkfeesektor harren no efkes net.

(advertinsje)
(advertinsje)