Plannen foar grut en byldbepalend keunstwurk yn Harns

In keunstwurk fan hast 60 meter heech op de Suderpier fan Harns mei dêryn plak foar bygelyks hoareka of in hotel. It is in plan fan ûndernimmer Jan Bokma fan Stiens en in ûntwerp fan keunstner Ronald Westerhuis út Zwolle, dy't ek it monumint foar de MH-17-slachtoffers makke.
© Eigen foto
It ûntwerp is tongersdei presintearre yn Harns. It keunstwurk hjit 'The Drop' en hat de foarm fan in drip. Mei de hichte sil it it oansjen bepale fan de havenstêd. De haadattraksje wurdt in 360 graden observaasjedek. Besikers kinne dan fan 50 meter hichte boppe seenivo útsjen oer it Waad, Fryslân en de Iselmar.
Undernimmer Bokma neamt it ûntwerp 'sear spektakulêr'. De inisjatyfnimmers hawwe kontakt hân mei de gemeente, mar der is noch gjin konkrete oanfraach. Wethâlder Hein Kuiken is benijd nei de reaksjes fan de Harnzers. "Het is wel iets groots, zoiets hebben we nog nooit voorbij zien komen. Het is echt wel enorm." Neffens Kuiken kin sa'n byldbepalend keunstwurk wol wat dwaan mei de regio, mar hy is der noch net wis fan oft it past yn Harns.
De kommende tiid sille de inisjatyfnimmers besjen of it plan ek echt helber is.
© Eigen foto
Undernimmer Jan Bokma oer it keunstwurk The Drop
Wethâlder Hein Kuiken en ûndernimmer Jan Bokma oer it keunstwurk