Basketballers Aris winne thús fan Apollo Amsterdam

De basketballers fan Aris ha tongersdeitejûn de thúswedstriid tsjin Apollo Amsterdam wûn. Op it Kealledykje wie it lang spannend, mar dochs wisten de Fryske basketballers de oerwinning oer de einstreek te krijen. It waard 81-75 foar de ploech fan trainer Ferried Naciri.
© Aris Ljouwert
By it skoft stienen de Ljouwerters noch mei 34-35 efter, mar foar it begjin fan it lêste kwart wie de stân 58-55 yn it foardiel fan Aris. Yn it lêste kwart kamen de besikers noch tichteby de oerwinning, mar de thúsploech spilen de wedstrid profesjoneel út nei in 81-75 einstân.
Aris stiet no achtste yn de kompetysje, ien plak boppe Apollo Amsterdam. De earste seis yn de einstân pleatse har oan de ein fan de kompetysje foar de play-offs.