Persoan ferwûne by sjitynsidint Drachten; grutte plysje-aksje yn Noard-Nederlân

27 feb 2020 - 22:03

By in ynsidint oan de Lavendelheide yn Drachten is tongersdeitejûn minstens ien persoan ferwûne rekke. In fertochte waard by syn oanhâlding troch de plysje yn syn skonk sketten. De oanhâlding fûn plak yn it ramt fan in grutte plysje-aksje yn it noarden fan Nederlân.

Foto: Pro News

Der binne tongersdeitejûn ynfallen dien yn santjin pannen yn ûnder oare Ljouwert, Easterwâlde, Drachten en Grins. Dêrby hat de plysje tsien minsken oanhâlden. Om't de plysje de gebouwen goed ûndersykje wol, en dat yn it tsjuster net goed kin, wurde se fan tongersdei op freed troch de plysje bewake.

Aksje yn Drachten

De aksje yn Drachten fûn plak by it Van der Valk-hotel oan de Lavendelheide. De plysje is mei ferskate ienheden, wêrûnder in arrestaasjeteam, te plak. Ek is der in ambulânse en in mobyl medysk team oanwêzich. De plysje hat in grut gebiet ôfset.

In wurdfierder fan de plysje koe tongersdeitejûn neat sizze oer de oanlieding fan de sjitpartij. Wol seit de plysje dat de oanhâlding dien is as ûnderdiel fan in ûndersyk fan de resjerzje. De technyske ôfdieling fan de plysje docht ûndersyk op lokaasje.

Trefwurden: 
plysje Drachten DSI
(advertinsje)
(advertinsje)