Basisskoallen yn Koatstertille dogge proef mei kameratafersjoch

27 feb 2020 - 20:32

Trije basisskoallen yn Koatstertille sille mei de gemeente Achtkarspelen de striid oangean tsjin fandalisme. De ôfrûne jierren is der in soad fernieling, stellerij en rommel by de skoallen.

Befeiligingskamera - Foto: Shutterstock.com

Basisskoallen De Merlettes, Oranje Nassau en De Balkwar dogge mei oan in pilot fan kameratafersjoch op de skoallen. "Met deze pilot willen we een halt toe roepen aan de aanhoudende reeks van vernielingen en overlast", leit wethâlder Jouke Spoelstra út. "Met deze pilot kan het effect van cameratoezicht worden onderzocht."

"We hopen dat de camera's vooral een preventieve werking hebben en dat de jongeren zich nu drie keer bedenken voordat ze overlast veroorzaken. Mocht er zich toch iets voordoen, dan is de kans dat er iemand op beeld is groot", fertelt ien fan de direkteuren fan de skoallen.

De ôfrûne jierren diene de skoallen meardere kearen oanjefte en de skea rûn yn de tûzenen euro's. De gemeente is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de skoallen en draaide ek op foar de kosten.

De ferwachting is dat de kamera's binnen inkelde wiken pleatst wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)