Letitia de Jong foar WK sprint: "Noch noait mei sa'n heech nivo oan de start stien"

It wurdt de tredde kear dat Letitia de Jong oan de start stiet fan in wrâldkampioenskip sprint. Se is better as oait en hopet dy line troch te lûken nei it Noarske Hamar, dêr't se freed úteinset oan it WK sprint. "Ik hoopje dat ik myn beste klassearring oait hjir helje kin."
Letitia de Jong

Jetlag

Hielendal hersteld fan it WK ôfstannen twa wiken lyn is De Jong noch net. Lykas har freondinne Ireen Wüst hat se noch wol wat lêst fan de jetlag troch de reis út Amearika wei. "We kamen beiden wurch út Salt Lake City. Yn Nederlân wie it ek net lekker waar. Dat helpt ek net mei om der trochhinne te kommen. Mar, dat jildt foar elkenien dy't hjir rydt. As ik freed oan de start stean, bin ik it allegear wer fergetten", fertelt De Jong út Hamar wei.
Omrop Fryslân sjocht foarút op it WK sprint en allround mei ferskate reedrydcoaches. Tongersdei ferskynt diel ien mei Jac Orie fan Jumbo-Visma. Freed beskôgje we it WK sprint foar mei Martin ten Hove, coach fan Letitia de Jong by Team Iko. Hy is, lykas harsels, hoopfol oer de kânsen fan De Jong.
© Orange Pictures

Better as oait

Op it WK ôfstannen ried De Jong persoanlike rekôrs op de 500 en de 1000 meter, de beide ôfstannen dy't ek twa kear riden wurde op dit WK sprint. Dat jout de Feanwâldster rydster goede hoop: "Ik tink dat ik noch noait mei sa'n heech nivo oan de start stien haw. Ik hoopje dat ik in konstant toernoai ryd en dan hoopje ik dat ik myn beste klassearirng oait hjir helje kin."
As ik sa trochgean, kom ik der fansels in kear.
Letitia de Jong oer de wrâldtop
Ferline jier einige se as trettjinde en yn 2018 as achtste. En dus giet se no foar in top sân-klassearring. "Ja, dat kloppet." De stap nei de échte wrâldtop liket miskien noch krekt wat te fier, mar as De Jong har ûntwikkeling sa trochset? "As ik sa trochgean, kom ik der fansels in kear."
Besjoch hjirûnder it folsleine ynterview mei Letitia de Jong:
Letitia de Jong foar WK sprint