Brânwacht oer ferplichte reekmelders: "Begjin der no al mei"

Brânwacht Fryslân is entûsjast oer de plannen fan it kabinet om yn 2022 reekmelders yn alle wenningen te ferplichtsjen. "Minsken dy't noch gjin reekmelder ha wol ik eins oanriede dat mei spoed te dwaan", seit Anne de Jager, meiwurker risikobehearsking fan Brânwacht Fryslân.
In reekmelder © Shutterstock.com
De brânwacht is al jierren dwaande om minsken oan te spoaren om reekmelders op te hingjen. De Jager: "Dêr binne wy foar." Ut TNO-ûndersyk docht bliken dat troch reekmelders yn alle wenningen te pleatsen it risiko op deadlike slachtoffers ôfnimt. Dêrom wol minister Knops fan Binnenlânske Saken de melders foar alle ferdjippingen fan alle wenningen fan july 2022 ôf ferplichtsje.

Foarljochting

Troch it lûd fan de reekmelder kinne bewenners sels noch flechtsje by brân. Op it rûken fertrouwe is neffens De Jager gjin goed idee: "As jo sliepe, dan sliept jo noas ek." Hy seit dat der wol in soad omtinken is foar reekmelders, mar dat minsken ek gau wer ferjitte: "As der brân west hat, dan wolle minsken graach in reekmelder ha." De Jager beklammet dat der al goed tocht wurde moat om it ferfangen fan de batterijen fan de apparaten. De brânwacht jout al in skoft foarljochting oer de melders.

Keapje en ophingje

In goede reekmelder mei keurmerk is te finen yn de boumerk en ek fia de testen fan de Consumentenbond. "Mar it alderbelangrykste is wêr'tst de melder ophingest", seit De Jager. "It bêste plak is oan it plafond op de flechtrûte fan dyn bêd nei bûten."
Anne de Jager, meiwurker risikobehearsking fan Brânwacht Fryslân