Ynteresse yn stinzeplanten nimt ta

Der komt hieltyd mear ynteresse yn stinzeplanten, sa seit Heilien Tonkens, saakkundige op it mêd fan de bysûndere planten. Dit jier komt der ûnder oare in gearwurking tusken Nederlânske en Dútske saakkundigen, om de kunde oer de stinzeplanten yn Fryslân noch fierder út te wreidzjen.
Stinzeplanten belibje opleving
Hast alles yn it libben fan Tonkens draait om de bysûndere planten. Yn har tún stiet in grut ferskaat, foar de leek no noch wat ferburgen tusken it grien. Guon planten binne der dit jier betiid by. "Er is een verschil tussen planten die reageren op warmte en planten die reageren op licht", leit Tonkens út. De planten dy't reagearje op ljocht bliuwe gewoan har standert groei trochsetten, wylst de planten dy't op waarmte reagearje dit jier betider binne as oars.
Dit is lykwols net in grut probleem, sa seit Tonkens. "De natuur redt zich altijd, alleen wij hebben een bepaald beeld dat dingen zo moeten."

Gearwurking

De plantesaakkundige fernimt dat de ynteresse yn de planten tanimt. Minsken hawwe ynteresse yn de klassike floara, en wolle hjir en dêr sels ek besykje de planten yn har tún te hawwen. Mei foar dizze groep minsken hat sy no in nij boek skreaun: Basisgids Stinzeplanten.
Yn it boek binne 120 soarten werom te finen. "Deze zijn niet allemaal in Fryslân te vinden", fertelt Tonkens, "doordat er breder gekeken is." It boek hat dus ek planten fan bûten de provinsje, dy't bygelyks te finen binne by bûtenhuzen yn Utrecht, of in oare provinsje.
Ek yn Dútslân is men dwaande mei de stinzen, en de stinzeplanten. Dit jier sil dizze gearwurking mear útdjippe wurde, mei ûnder oare ekskurzjes. Mei as doel om úteinlik fan inoar te learen.
Harkje nei in petear mei Tonkens, yn har tún