Ut ûndersyk docht bliken: Friezen ride it meast op disel
Ut ûndersyk fan Independer docht bliken dat Friezen noch it meast op disel ride. Hast 25 prosint fan de partikuliere persoane-auto's yn Fryslân rydt op disel.
Neffens de analyze ride minsken út Limboarch it minste op diselauto's. De provinsje telt mei 12,4 prosint it leechste persintaazje persoane-auto's fan Nederlân dat op disel rydt. Dat is hast de helte fan it persintaazje yn Fryslân, 24,2 prosint.
Independer seach ek nei it gebrûk fan benzine-, elektryske- en hybride auto's. Flevolân hat it heechste persintaazje elektryske- en hybride auto's, hast 10 prosint. Yn Drinte is dit mar 3,5 prosint.