Winners skriuwwedstriid fan Tresoar oer 75 jier frijheid bekend

27 feb 2020 - 18:24

De winners fan de skriuwwedstriid fan Tresoar oer 75 jier friheid binne bekend. Syds Wiersma wûn de earste priis mei syn gedicht 'de put'. Koos Tiemersma wûn de earste priis mei syn ferhaal 'Oare kant grins'.

Foto: Tresoar

"It is in gedicht dat sawol tagonklik as fernimstich is. It tema is dat minsken gjin emoasjes talitte omdat emoasjes sear dwaan kinne", seit de sjuery oer it gedicht fan Syds Wiersma.

De twadde priis is foar it fers 'Neat' fan Neeltje Terpstra. De tredde priis giet nei it gedicht 'Yn alle talen lyk' fan Nynke Terpstra.

Ferhalen

"It ferhaal lit moai útkomme dat goed en ferkeard gjin oardielen oer groepen wêze kinne, inkeld oer yndividuele minsken, oan hokker kant oft se yn in oarloch of oar konflikt ek steane", fynt de sjuery fan it ferhaal fan Koos Tiemersma.

De twadde priis is foar Ludzer van der Schors foar syn ferhaal 'Mei de boat nei Ljouwert'. De tredde priis giet nei it ferhaal 'Wer werom' fan Jan Minno Rozendal.

Prizejild

De earste priis foar it bêste ferhaal/gedicht is 750 euro, de twadde priis 500 euro en de tredde 250 euro. De winnende ferhalen en gedichten wurde publisearre yn Letterhoeke, it blêd fan Tresoar en de freonen fan Tresoar, dat 10 april ferskynt. De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, beoardiele de ynstjoeringen anonym.

Freed 17 april wurde de prizen útrikt by Tresoar mei in feestlik programma.

(advertinsje)
(advertinsje)