Deminte âlden it iis op: "Se tinke wer oan eartiids" 

27 feb 2020 - 17:51

Yn in rolstoel it iis op: dat stie tongersdeitemoarn op it programma foar in lytse groep âlderein út wensoarchsintrum Swettehiem út Ljouwert. It soarge by de groep, dy't allegear te krijen ha mei deminsje, foar bysûndere oantinkens. "Ik ha eartiids it riden op de Dokkumer Ie leard en dat gefoel komt no wer nei boppen."

Mei de grutste kunde wurde de âlderein op it iis fan de Alvestêdehal yn Ljouwert set. "Ik koe eartiids net hiel goed reedride, mar op it iis rêden we ús wol in bytsje", seit frou Dekker. Mar Sven Kramer ynhelje slagget no fansels net mear", heakket se laitsjend ta.

Sandra Onclin fan de organisaasje drukt frou Dekker it iis oer. Se sjocht mei in protte wille oer it iis hinne. "Het is zo bijzonder om de mensen zo te zien", seit se, wylst se mei Dekker in wedstrydsje docht. "Dat je van zo iets simpels zó kunt genieten."

Wylst Onclin har ferhaal docht, docht organisator Sandra Molenaar de redens om. Sy rydt nei Onclin ta en follet har kollega oan. "We willen de mensen op hun oude dag toch nog een bijzondere ervaring geven."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Dit is sa moai om te belibjen", begjint in emosjonele Tiny van Daalen har ferhaal. Tiny sit yn de rolstoel dy't troch Molenaar foarút treaun wurdt. Se sit mei in kleedsje oer har skurte dat har yn de hal waarm hâldt. "Je binne gjin snie en iis mear wend, en dêr sitte je dan. We helje allegearre gekke kaprioalen út. It is in sukses dus dit kin om my wol faker. It hoecht net iens op it iis te wêzen, mar gewoan efkes fuort is al moai."

Oantinkens

Tige nijsgjirrich is dat âlderein it net allinnich foar de wille dogge, mar der ek in protte oantinkens oan krije. "Ik fiel mysels wer efkes dat lytse famke op de Dokkumer Ie," seit frou Dekker. "It fielt as ik it riden wer krekt leard haw." Sandra genietet as sy de reaksjes fan de alderein heart. "Net in de kantine zag je oude noren en bekende schaatser op de muren van vroeger. De ouderen herkenden die allemaal."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De âlderein krijt ta beslút noch in echte kaart fan de alve stêden. Frou Van Daalen nimt it mei ien hân fan ûnder har kleedsje oan. "Ik fyn it moai, mar ik wol no wol oan de waarme sûkelade."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by it reedriden

(advertinsje)
(advertinsje)