Fertochte deadlike stekkerij yn Drachten frij ûnder betingst

27 feb 2020 - 17:45

Ien fan de twa jonges dy't fertocht wurde fan belutsenens de deadlike stekpartij yn Drachten, wêrby't ein 2019 de 16-jierrige Roan Brilstra om it libben kaam, is ûnder betingst wer frij.

Blommen nei de stille tocht foar Roan Brilstra - Foto: ProNews

De jonge dy't no frij litten is, is 14 jier. Hy is noch wol fertochte, seit Melanie Kompier fan it Iepenbier Ministearje. Sy seit ek dat de oare fertochte wol de 'hoofdpersoon is in dit verhaal'. Dy fertochte is 16 jier en komt fan De Gordyk.

It frijlitten fan de jongste fertochte is ûnder ferskate betingsten, wêrop't de plysje fierder net yngean wol.

De 16-jierrige fertochte moat yn maart wer foarkomme by in besletten pro-formasitting.

Roan Brilstra waard op 22 desimber delstutsen oan de Zuidkade yn Drachten, foar kafee Pietje Bel. In wike letter stoar er yn it sikehûs.

(advertinsje)
(advertinsje)