Mear as 200 minsken by gearkomste oer deade frou yn Koarnjum

Der hawwe mear as 200 minsken by de gearkomste yn Koarnjum oer de dea fan Karin Grijpstra west. Sy waard ôfrûne snein yn har wenplak dea oantroffen en is nei alle gedachten troch in misdriuw om it libben kaam.
Gearkomste deade frou Koarnjum
De dea fan Grijpstra hat in soad losmakke yn Jelsum en Koarnjum. Dêrom organisearre de gemeente Ljouwert yn doarpshûs De Bining de gearkomste foar de ynwenners fan de beide doarpen. Trijehûndert húshâldens yn beide doarpen hiene de útnûging krigen.

Boargemaster en plysje

Boargemaster Sybrand Buma spruts de bewenners ta en plysjesjef Cor Reijenga die dat ek. Hy sei wol dat er oer it ûndersyk net al te folle kwyt koe, mar se hopen fragen fan bewenners beäntwurdzje te kinnen.
"Minsken binne miskien ûnrêstich of ha eangst. Ik fyn it wichtich dat ik as boargemaster der bin en dat ek de plysje derby is", sei Buma. "Miskien dat de plysje dochs wat helderheid jaan kin."

Fertriet diele

"It hakt deryn, it hâldt de minsken dwaande. Hjir, mar ek yn de rest fan de gemeente. Foardat we antwurden op alle fragen ha, sil noch wol even duorje. Dit is in lyts doarp, minsken fiele harren feilich. Op sa'n momint stoart de wrâld yn. Wy moatte sjen litte dat we der foar de minsken binne en dat we it fertriet diele. Mar ek dat we ûndersyk dogge om antwurden op de fragen te krijen."
Boargemaster Sybrand Buma oer de gearkomste yn Koarnjum:
Buma oer Koarnjum